LyricFind Logo
LyricFind Logo
Profile image icon
Lyric cover art

Simmer

Apple Music logo
Deezer logo
Spotify logo
Lyrics
Hielendal allinne
Mei de grutte giele sinne
De prachtich blauwe loft heart der ek by
Om my hinne 't wite strân
Mei bleate fuotten yn it sân
'K ferwolkomje de simmer dizze dei

It kampfjoer smeult noch neffens my
De koarte nacht is wer foarby

Spatte yn it koele wetter
En ik fiel my hieltyd better
Ik sjong my de longen út it liif
Nimmen om my hinne
Allinne mei de sinne
De blauwe loft, it strân, de see fan tiid

Ik groetsje de simmermoarn
De sinne, dy laket my oan

'T Is simmer en it fielt sa goed, sa goed
'T Is simmer en it fielt sa goed, sa goed

It wurdt wer in moaie dei
Gjin drip wetter komt der by
Teminsten, út de himel komt it net
Spatte yn it koele wetter
En ik fiel my hieltyd better
Lûdop sjongend, lûder noch as krekt (Sjong ik)

Wolkom nije simmerdei
De sinne laket wer nei my

'T Is simmer en it fielt sa goed, sa goed
'T Is simmer en it fielt sa goed, sa goed

De dei wurdt stadich wekkerder
De waarmte hieltyd lekkerder
En ik sjong my de longen út it liif
Nimmen om my hinne
Allinne mei de sinne
De blauwe loft, it strân, de see fan tiid

Ik groetsje de simmermoarn
De sinne, dy laket my oan

'T Is simmer en it fielt sa goed, sa goed
'T Is simmer en it fielt sa goed, sa goed
'T Is simmer en it fielt sa goed, sa goed
'T Is simmer en it fielt sa goed, sa goed

WRITERS

Reinout Weima

PUBLISHERS

Lyrics © O/B/O DistroKid

Share icon and text

Share


See A Problem With Something?

Lyrics

Other