LyricFind Logo
LyricFind Logo
Profile image icon
Lyric cover art

Jaloersk Op Myn Broers

Apple Music logo
Deezer logo
Spotify logo
Lyrics
Ik mocht net op 'e trekker
Ik wie dochs te lyts
De molkkarre mocht ik triuwe
Fierders nei skoalle op 'e fyts
Ik dreamde fan Landini
Massey Ferguson, John Deere
Ik hie se fan Britains
Ik krige 't wurk net klear
 
Sy mochten wurk fersette
It gaspedaal yndrukke
Ik mocht inkeld op'e karre sitte
As hie ik hiel hurd wurke
Ik koe der net tsjinoan
De trekker wie te grut, te folle
Ik wie besoarge oer de plestik kij
Op myn boartersguod-buorkerij
Ik krige 't wurk net klear
 
Jaloersk op myn broers
Sy wienen echt boer
Ik fûn se sa stoer
Dêr efter it stjoer
Jaloersk op myn broers
Der wie mar ien koers 
It hiem wie it plak fan myn broers
Mei myn autopet mocht ik der oer
 
Se skodden mar raak
Meanden it gers hiel faak
Se makken fan gers wurdzen yn it lân
Ik stie te sjen mei in glês rivella yn 'e hân 
Moaie tiden yn it hea 
It leanbedriuw mei syn John Deere

Jaloersk op myn broers
Sy wienen echt boer
Ik fûn se sa stoer
Dêr efter it stjoer
Jaloersk op myn broers
Der wie mar ien koers 
It hiem wie it plak fan myn broers
Mei myn autopet mocht ik der oer
 
By kromme spikers namen sy de hammer oer
By rûzje skopte ik noch ien yn 'e sek
Ungelokkich wie ik derfan
Jaloerskens is net bêst
Jaloerskens is net bêst
Jaloersk op myn broers
Sy wienen echt boer
Ik fûn se sa stoer
Dêr efter it stjoer

Jaloersk op myn broers
Sy wienen echt boer
Ik fûn se sa stoer
Dêr efter it stjoer
Jaloersk op myn broers
Der wie mar ien koers 
It hiem wie it plak fan myn broers

WRITERS

Anno van der Werf

PUBLISHERS

Lyrics © O/B/O DistroKid

Share icon and text

Share


See A Problem With Something?

Lyrics

Other