Ik kom thús nei in lange, lange dei
Skop myn skuon fuort yn 'e hoeke
Lûk in plaat út 'e kast en helje 'm út 'e hoes
Set 'm op myn âlde platespiler
Mei rûtine doch ik de nulle, de nulle op it finyl
Kreakjend lûd komt út de speakers
De earste klanken, klanken fan de blues
Gerdinen ticht, de ljochten dimd
Mar ik dûnsje op de blues
Bleatfoets sko ik oer de houten, houten flier
Yn tinzen wei, hjir wei fier bin'k fier fan
Mei de eagen ticht, de alderbêste moves
Gerdinen ticht, de ljochten dimd
Mar ik dûnsje op de blues
Allinnich mei myn loftgitaar
Helden galmje yn 'e romte
Reitsje by my de goede snaar
Gerdinen ticht, de ljochten dimd
Mar ik dûnsje op de blues
Mar ik dûnsje op de blues
Mar ik dûnsje op de blues