LyricFind Logo
LyricFind Logo
Profile image icon
Lyric cover art

De Wrâld Binnen Berik

Apple Music logo
Deezer logo
Spotify logo
Lyrics
De tiid wurdt fersliten 
De dagen hieltyd koarter 
It wurdt nea ris tsjuster 
Alles liket oerflakkich 
Tal fan stjoerders op tv 
Netflix nûmer ien
De krante op 'e iPad
Mar foar lêzen gjin tiid

Yn 't waas fan 'e drokte 
Eltse namme mei 'punt com'
Us taal dy fer-Ingelst 
Nimmen wit wêrom
It giet sa't it giet
We hawwe neat te wollen
Ynformaasje by it soad
Ynformaasje tefolle   

De wrâld binnen berik 
Ek by de safolste klik 
Myn vlog stjoer ik troch
Sa't elk my dochs sjocht 
De wrâld binnen berik 
It skerm dat 'k nea ris ferlit
Der feroaret sa'n soad 
Jou my in iepen doar

Kommunikaasje
'T is oars as it wie
Mar ferdivedaasje
Is fan alle tiden
Neat kin mislearje
En oer hûndert jier
Bin 'k noch wekker te meitsjen
Foar myn selsbroude bier

De wrâld binnen berik 
Ek by de safolste klik 
Myn vlog stjoer ik troch
Sa't elk my dochs sjocht 
De wrâld binnen berik 
It skerm dat 'k nea ris ferlit
Der feroaret sa'n soad 
Jou my in iepen doar

WRITERS

Anno van der Werf

PUBLISHERS

Lyrics © O/B/O DistroKid

Share icon and text

Share


See A Problem With Something?

Lyrics

Other