It stadion mei tweintich tûzen minsken
It kampioenskip hinget yn 'e loft
Nei al dy jierren hoopje en mar winskje
Dat it stadion hjir ris ûntploft
It stadion mei tweintich tûzen minsken
It is sa prachtich, mear kinst ek net winskje
De coach fan 't alvetal, sa senuwachtich
Rint al mar by de line op en del
De tsjinstanners dy binne oppermachtich
Syn mannen dy ferlieze elk duel
De coach fan 't alvetal, sa senuwachtich
Want der is al skoard, se stean no achter
It skoft is nedich, se kinne 't hast net lûke
De skiedsrjochter dy sjocht al op 'e klok
De keeper moat der wer in kear op dûke
Se steane mei de kloaten foar it blok
It skoft is nedich, se kinne 't hast net lûke
Wat kloaten, ja dat kinne se wol brûke
De twadde helte, ja dan moat it barre
Twaentweintich man dy stean wer klear
De bal moat dochs ris yn it goal bedarje
It giet om mear as allinnich mar de ear
De twadde helte, ja dan moat it barre
De spanning wurdt oan de ein ta bewarre
De bal komt faker yn de 16 meter
Der stiet hjir echt in folle better team
In hurd skot yn 'e krusing, it sil heve
It stadion fearret op, echt elkenien
Stiet op 'e stuollen, tweintich tûzen minsken
Sa machtich moai, wat falt der noch te winskjen?
It stadion ûntploft, 't is net te leauwen
Elkenien springt oan 'e balken ta
Noch efkes en dan binne it kampioenen
Mar earst noch efkes folút oan de bak
De skiedsrjochter dy sjocht al op 'e klok
It einsinjaal klinkt, ja it sit derop
It alderbêste team fan it seizoen