Ik bin in tinker, ik bin in master yn myn fak
Sjoch út it finster, ik sit op 't finsterbank
Ik bin in plant dy't groeit en altyd bloeit
Mar ek sa lilk is op 'e wrâld
Bin in genieter, o ik hâld sa fan mysels
Fan bier drink ik liters, in kopke tee set ik del
Ik bin in sûplap, ik bin in skot yn 'e roas
Ik bin de stoarm, ik gean hurder as de wyn
Sa bliuw ik ticht by mysels. want dat is wa't ik bin
Ik waai troch de tiid, der is fan alles wat ik fyn
Ik bin de stoarm dy't nimmer lizzen giet
Kin nachts net sliepe, oan it donker bin 'k sa wend
Gean dan mar op paad, fiel my echt in hiele fint
En deis mar sliepe, mar ik haw ek faak gjin sin
Ik sykje nei in nij begjin
Der is muzyk dy't klinkt, dy jout my rêst
It dak giet derôf, ik fyn alles bêst
Ik haw 'n soad geduld: oeren en oeren
Wêr't se my mar hinne stjoere