LyricFind Logo
LyricFind Logo
Profile image icon
Lyric cover art

De Nacht

Apple Music logo
Deezer logo
Spotify logo
Lyrics
De jûn is lang, de jûn is hyt
En elkenien praat, smookt, drinkt of yt
Elkenien wachtet, elkenien smachtet
Elkenien wachtet op de moaie mylde nacht

It is hjir noch ljocht, it is hjir noch drok
De tiid hâldt hjir skoft, stil stiet de klok
De rook fan kroketten, sigaretten en bier
Hinget yn de kroech, de doar yn it kier
It hinget yn 'e loft, dat wit elkenien
De nacht is koart mar wurdt lang en wurdt hyt

Dizze nacht wurdt de nacht
Dêr't elkenien op wachtet
De moaiste nacht de koartste nacht
De hytste nacht fannacht
In sinderjende nacht fannacht
De nacht dêr't elkenien op wachtet
Dizze nacht, de mylde nacht
Fannacht

It moanneljocht falt noch moaier as ea
Net te leauwen sa moai, as yn dyn moaiste dream
De himel dy skitteret as helder wyt ljocht
As neonreklame, as in flam yn 'e loft

It stiet skreaun yn 'e stjerren, dat wit elkenien
De nacht is koart mar wurdt lang en wurdt hyt

Dizze nacht wurdt de nacht
Dêr't elkenien op wachtet
De moaiste nacht de koartste nacht
De hytste nacht fannacht
In sinderjende nacht fannacht
De nacht dêr't elkenien op wachtet
Dizze nacht, de mylde nacht
Fannacht

It hinget yn 'e loft, dat wit elkenien
De nacht is koart mar wurdt lang en wurdt hyt

Dizze nacht wurdt de nacht
Dêr't elkenien op wachtet
De moaiste nacht de koartste nacht
De hytste nacht fannacht
In sinderjende nacht fannacht
De nacht dêr't elkenien op wachtet
Dizze nacht, de mylde nacht
Fannacht

WRITERS

Reinout Weima

PUBLISHERS

Lyrics © O/B/O DistroKid

Share icon and text

Share


See A Problem With Something?

Lyrics

Other