Ik kom de keamer yn, ik haw al kofje set
Do sitst dêr op 'e bank, dyn hieren los
De sinne skynt en op 'e tafel wurdt in plak ferljochte
De hjerst begjint, de simmer is wer dien
Noch kâld en wiet fan de nacht
Mei in laits sjochsto my oan
Dreamerich begjint de dei, do stoarrest foar dy út
Ik sjoch dy oan, do bist yn tinzen wei
De finsters binne noch beslein en drippen krûpe fluch nei ûnderen
De dei begjint, de nacht dy is wer dien
Yn 'e holle noch wat licht
In sinnestriel op myn gesicht
In nij seizoen, in nije dei
Do sjochst my oan en lakest nei my
Dit is de tiid fan it jier
Do bist myn wille en tier
It is de moarn as dizze moarn
'T Is wat ik sjoch yn dyn eagen
Dit is de dei fan dy en my
De radio stiet súntsjes oan, do nimst in slokje fan dyn kofje
Te hyt foar dy, foar my is 't goed genôch
Ik hear it tikjen fan 'e klok, wizers draaie rûn en rûn
It is it ritme fan de dei, de nacht dy is wer dien
Itselde liet, it lûd is nij
De hiele wrâld wurdt wekker
Do sjochst my oan en lakest nei my
Dit is de tiid fan it jier
Do bist myn wille en tier
It is de moarn as dizze moarn
'T Is wat ik sjoch yn dyn eagen
Dit is de dei fan dy en my