LyricFind Logo
LyricFind Logo
Profile image icon
Lyric cover art

De krystbeam

Apple Music logo
Deezer logo
Spotify logo
Lyrics
It krôket al, de earste lytse flokken falle út 'e loft
As wite fearren wisket de snie del

Dy krystbeam moat der komme
Sa'n goeie sfear as er wer stiet
Ik sil der op út foar d'aldermoaiste
Ik ha der hiel wat jild foar oer
Ik rin by de beammen del
En nim de moaiste mei, elts is jaloersk

Ik lûk de kraach omheech, de winterwyn dy hellet oan
De krystferjochting soarget foar de sfear

Op 'e souder glinsterje
De krystballen, mei grutte muoite
Helje ik in doaze fol nei ûnderen
De slingers ha'k sels al ophongen
Lykas ik altyd al die
Lampkes, blau, giel, read... myn beam is klear

'T is de moaiste tiid fan it jier
Mei in beam bin' we sa bliid
We glitterje sels op tsjustere dagen
Famylje helje wy der by
Mei 't krystmiel en ek âld & nij
Dy beam bliuwt stean oant healwei jannewaris

Fjoerkoer, glühwein, piperkoeke
It doarpsplein mei de grutte beam
Nee, net like moai as dy fan my
It lûd fan slidebellen
Kryster as dit kin hast net
En ik, ik bin de man mei de moaiste beam

'T is de moaiste tiid fan it jier
Mei in beam bin' we sa bliid
We glitterje sels op tsjustere dagen
Famylje helje wy der by
Mei 't krystmiel en ek âld & nij
Dy beam bliuwt stean oant healwei jannewaris

WRITERS

Anno van der Werf, Reinout Weima

PUBLISHERS

Lyrics © O/B/O DistroKid

Share icon and text

Share


See A Problem With Something?

Lyrics

Other