LyricFind Logo
LyricFind Logo
Profile image icon
Lyric cover art

De Hoarizon

Apple Music logo
Deezer logo
Spotify logo
Lyrics
De wite streken fleane foarby
Op it reade asfalt ûnder my
De wyn yn 'e rêch
Wyske yn 'e kop
It wiuwend griene gers
ûnder in strak blauwe loft
Nei de stip oan de hoarizon
Ik sjoch foarút en net wer werom

De trapers draaie ritmysk rûn
De fêste trêd ha ik al fûn
Ien hân yn 'e bûse
De oare oan it stjoer
Kleure bermen, blossem
In machtich aventoer
Nei de stip oan de hoarizon
Ik tink dat ik der ea wol kom

Jûns, nachts en oerdeis
Altyd ûnderweis
Altyd wer op reis
Altyd wer wat nijs

Alles liket kalm en stil
Troch in rôze sinnebril
It giet dan hast fansels
Foarút, fol goede moed
Ik tink dan by mysels
It komt ek wol wer goed
De stip oan de hoarizon
Ik tink dat ik der hjoed noch wol kom

WRITERS

Reinout Weima

PUBLISHERS

Lyrics © O/B/O DistroKid

Share icon and text

Share


See A Problem With Something?

Lyrics

Other