LyricFind Logo
LyricFind Logo
Profile image icon
Lyric cover art

Boartsje

Apple Music logo
Deezer logo
Spotify logo
Lyrics
Do bist sa leaf
Do bist sa kreas
Do bist myn alderbêste freon
Ik bin sa bliid mei dyn bestean
Bist lekker drok
Bist myn gelok
Oh yea

Do bist in boef
Do bist sa stoer
Mar do hast ek in hiel lyts hertsje
Leit gefaar ris op 'e loer
Mar dat siert dy
Do hearst by my
Oh yea

En freegje ik oan dy
Wat wolsto dwaan mei my
Dan seisto boartsje mei dy
Ja, der is mar ien ding by
Dêr't ik nea genoch fan krij
En dat is boartsje mei dy

Drave troch de fjilden
Rôlje fan de dunen
Troch de bosken strune
Mei dy
Stampe yn de puozzen
Spatte yn it wetter
Springe oer de stekken
Mei dy

Watsto wol silst
Watsto al kinst
Do bist myn leave lytse wûnder
'K bin sa bliid datsto do bist
Bin gek op dy
Do hearst by my
O yea

En freegje ik oan dy
Wat wolsto dwaan mei my
Dan seisto boartsje mei dy
Ja, der is mar ien ding by
Dêr't ik nea genoch fan krij
En dat is boartsje mei dy

Drave troch de fjilden
Rôlje fan de dunen
Troch de bosken strune
Mei dy
Stampe yn de puozzen
Spatte yn it wetter
Springe oer de stekken
Mei dy...

WRITERS

Reinout Weima

PUBLISHERS

Lyrics © O/B/O DistroKid

Share icon and text

Share


See A Problem With Something?

Lyrics

Other